Parseberjocht start HotSum

HotSum is in nij útjou-inisjatyf fan Ytsje Hoekstra, Gerben de Vries, Jetske Bilker en Abe de Vries. HotSum wol reagearje op ferletten yn de praktyk fan it Frysk skriuwen en útjaan. It útjaan fan poëzij hinget der sa njonkelytsen in bytsje by. Leaver net as al, is it sinjaal fan útjouwers. Ek is in tal útjouwers wilens ferdwûn. HotSum wol hjir in nij perspektyf biede.

Dêrom begjint HotSum yn ’e mande mei de Nederlânse útjouwerij de Contrabas yn Utert de earste twatalige, Frysk-Nederlânse poëzijrige yn de Fryske literatuerskiednis. De kommende jierren sille elk jier maksimaal twa fan sokke poëzijbondels by HotSum/de Contrabas ferskine kinne.

De gearwurking mei de Contrabas smyt in struktureel nasjonaal poadium op foar Fryske poëzij. Sa’n ferbreedzjen fan de hoarizon is nedich. HotSum rêdt him mei de akwisysje, redaksje en foarmjouwing, de produksje en distribúsje nimt de Contrabas op him. Op de drokbesochte webside fan de Contrabas (www.decontrabas.com) sille de nije útjeften folop omtinken krije.

Dêrneist set HotSum ek út ein, yn ’e mande mei it Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar yn Ljouwert en de al earder neamde Contrabas, mei in rige essaybondels. Essays oer Fryske literatuer wurde der in bytsje skreaun, wylst der wol ferlet fan is: refleksje op de Fryske literatuer ferdjippet en fersteviget it literêr klimaat. Yn dizze (Frysktalige) bondels bûge skriuwers har oer in tema. Se ferskine neffens plan yn 2013, 2014 en 2015.

Mear ynformaasje:

Abe de Vries
Email: hotsum@hotmail.com;

Chrétien Breukers
Email: chretien.breukers@lombok.nl

Advertisements

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out /  Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s