Fryske essaybondel: Alde Meuk?

verbeterde meuk 2 Op 26-9-2014 ferskynd en presinteard troch Sirkwy yn Harns: Alde meuk? ISBN 978 90 7943 284 4 De auteurs Friduwih Riemersma, Tryntsje van der Steege en Eric Hoekstra skreaune har bydragen yn de bondel yn it ramt fan de Sirkwy-lêzing, dy’t in reaksje wie op de diskusje yn it Frysk literêre fjild, oer wat ek wol “Alpita’s Choice” neamd wurdt.  De kar fan Alpita de Jong fan 10 literêre titels om as fertsjintwurdigers fan de Fryske literatuer mei te nimmen nei de Frankfurter Buchmesse. Dizze bondel is it produkt fan de trije auteurs, mei in fasilitêre gearwurking tusken Tresoar, Sirkwy, útjouwerij De Contrabas en HotSum om publikaasje ta stân te bringen. De foarmjouwing is fan Ankemarije Dam. Dit is de earste útjefte fan in te ferskinen rige fan Fryske literêre essays, dêr’t HotSum op ta wol. Wy dogge dit yn gearwurking mei Tresoar. It boek is hjir op foarried:  Afûk Boekwinkel Ljouwert  Fierder is it te bestellen by alle reguliere boekhannels (oansluten by it Centraal Boekhuis). Bygelyks: Friese Boekhandel , Van der Velde Boeken , Boekhuis Bolsward Fragen of spoedbestellings kinne ek fia dit reaksjeformulier yntsjinne wurde.

Tei-iizje / Lok-azen Aggie van der Meer

Tei iizjeAggie achter

Oerstekke is in wichtich tiidwurd yn dizze lêste bundel fan Aggie van der Meer, de grande dame fan de Fryske literatuer dy’t – berne yn it begjin fan de 20e –  ek yn de 21e ieu it dichtsjen noch lang net oerjûn hat.
It giet yn har nijste bondel om it oerstekken fan wetter, fan lân, it gean oer wegen nei in nij en jong lân. It is it beskriuwen fan it tsjuster en de twifel fan it no en it hjoed, mar dizze poëzij giet foaral oer de hope dy’t der winkt.

‘as se yn ‘e fierte wat sjogge
it tichterby komt
it winkt
der ljocht makke wurdt,
doare se it net te leauwen.’

ISBN 978 90 79432 81 3   Oeral te krijen of te bestellen fia jo boekhannel.*
Op foarried by:  Afûk Boekwinkel Ljouwert en  Het Boekhuis Boalsert

Oversteken is een belangrijk werkwoord in deze laatste bundel van Aggie van der Meer, de grande dame van de Friese literatuur die, begin 20e eeuw geboren, ook in de 21e eeuw het dichten nog niet heeft opgegeven.
Het gaat in haar jongste bundel om het oversteken van water, van land, het gaan over wegen naar een nieuw en jong land. Deze poëzie beschrijft het duister en de twijfel van vandaag en nu, maar gaat vooral ook over de hoop die wenkt.

‘als ze in de verte iets zien
het dichterbij komt
het wenkt
er licht wordt gemaakt
durven ze het niet te geloven.’

ISBN 978 90 79432 81 3    Overal verkrijgbaar/bestelbaar via de boekhandel.*
Op voorraad bij:  Afûk Boekwinkel Leeuwarden en bij Het Boekhuis Bolsward

* N.B. Brûk “Tei” as sykwurd ynstee fan de folsleine titel!  / Gebruik “Tei” als zoekwoord ipv de volledige titel!

Parseberjocht start HotSum

HotSum is in nij útjou-inisjatyf fan Ytsje Hoekstra, Gerben de Vries, Jetske Bilker en Abe de Vries. HotSum wol reagearje op ferletten yn de praktyk fan it Frysk skriuwen en útjaan. It útjaan fan poëzij hinget der sa njonkelytsen in bytsje by. Leaver net as al, is it sinjaal fan útjouwers. Ek is in tal útjouwers wilens ferdwûn. HotSum wol hjir in nij perspektyf biede.

Dêrom begjint HotSum yn ’e mande mei de Nederlânse útjouwerij de Contrabas yn Utert de earste twatalige, Frysk-Nederlânse poëzijrige yn de Fryske literatuerskiednis. De kommende jierren sille elk jier maksimaal twa fan sokke poëzijbondels by HotSum/de Contrabas ferskine kinne.

De gearwurking mei de Contrabas smyt in struktureel nasjonaal poadium op foar Fryske poëzij. Sa’n ferbreedzjen fan de hoarizon is nedich. HotSum rêdt him mei de akwisysje, redaksje en foarmjouwing, de produksje en distribúsje nimt de Contrabas op him. Op de drokbesochte webside fan de Contrabas (www.decontrabas.com) sille de nije útjeften folop omtinken krije.

Dêrneist set HotSum ek út ein, yn ’e mande mei it Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar yn Ljouwert en de al earder neamde Contrabas, mei in rige essaybondels. Essays oer Fryske literatuer wurde der in bytsje skreaun, wylst der wol ferlet fan is: refleksje op de Fryske literatuer ferdjippet en fersteviget it literêr klimaat. Yn dizze (Frysktalige) bondels bûge skriuwers har oer in tema. Se ferskine neffens plan yn 2013, 2014 en 2015.

Mear ynformaasje:

Abe de Vries
Email: hotsum@hotmail.com;

Chrétien Breukers
Email: chretien.breukers@lombok.nl